Geplaatst door op 21 dec, 2013 in Pers |

It waar wie prachtich op snein 6 oktober en eins te moai om binnen te sitten. We ha dan ek lang twifele oft we wol as net rjochting Heech gean soenen. Lykwols hat de nijsgjirrigens nei it programma fan de “Fersyskrivers” Jan de Vries en Hein Jaap Hilarides it wûn fan de sinne en sa sieten wy healwei fjouweren yn it Heechhûs. En it waard in pracht middei! En dus gjin sprút spyt, geweldich sa dizze beide mannen harren leafde foar it Bilt en syn taal útdrage. Fansels wienen wy earder al yn de kunde kaam mei de muzyk fan de beide hearen mar as je “der by binne” komt it dochs hiel oars oer, je belibje it mei, as Jan sjongt oer syn dochterke of syn grutte leafde fiele jo de emoasje dy’t fan it poadium ôf meistjoerd wurdt de seal yn. En as Hein Jaap in fers of ferhaal foarlêst fan b.g. Waling Dijkstra dan rûke jo it waad en fiele jo hoe dreech it is om de swiere klaai fan it Bilt de baas te wurden. Ek de ôfwikseling fan fleurige lietsjes en ferhalen of gedichten, mei serieuze, somstiden hast mankelike, lûden soarge foar in yndachtich gehoar fan it publyk. Tel dêrby op de earlike, betiden hast, wat sangerige taal fan beide Bilkers en dizze formule hat grutte potinsje om in sukses te wurden. It wie ien fan de earste kearen dat beide mannen op dizze wize gearwurken mar ik bin fan betinken dat se der moai mei troch gean moatte. Hja bringe op in noflike ûntspannen wize in tige tagonklik programma dat in breed publyk fertsjinnet. Wy as taskôgers en harkers op dizze sneintemiddei ha yn Heech in tige noflik en ynspirearjend programma meimakke. Fan de gesichten fan de oare besikers wie ôf te lêzen dat ek sy dit sa belibbe ha.
Geart Bos