De fakânsjes steane foar de doar, mar dat wol fansels net sizze dat der yn eigen provinsje net in protte moaie dingen te dwaan binne. Wat te tinken bygelyks fan it ‘Duetten-konsert’ op woansdeitejûn 14 augustus yn it prachtige iepenloftteater de Koele yn Appelskea. Yn ferskillende gearstalling sille Gerbrich van Dekken, Marcel Smit, Jan de Vries en ik duetten hearre litte, dy’t wy op ús repertoire ha. Bekende lietsjes, mar ek nijer repertoire yn it Frysk, Biltsk en it Ingelsk. Kontrabassist Wander van Duin docht fansels ek mei en banjospylster Johanna van der Veen, dy’t as ‘special act’ ek noch optrede sil mei har man Wopke as it duo BanWo.
It wurdt grif in hearlike muzikale jûn dêr yn de bosken fan Appelskea. Yn dat plak binne ek twa foarferkeapadressen, sjoch mar op de poster, en oars kinne jo ek altyd noch reserfeare troch in mailtsje nei my te stjoeren op it adres: gurbedouwstra@gmail.com.